Germ Osinga 65 jier lid!

Dit jier wie Germ Osinga 65 jier lid fan De Bazuin. In bysûnder jubileum.  Wy soene dêr op ús konsert yn novimber by stil stean, mar dat koe net trochgean yn ferbân mei de jildende maatrigels.

Wy kin dat fansels net samar foarby gean litte. As it net kin sa as it moat, dan moat it mar sa as it kin. Dêrom is in delegaasje fan it bestjoer hjoed nei Germ gien mei de felisitaasjes en in oantinken oan dit jubileum yn de foarm fan in beeldsje fan in tromboneblazer mei ynskripsje en fansels in blomke foar Janny.

Germ, út namme fan ús allegear lokwinske en ús tank foar dyn ynset foar De Bazuin.